<%@LANGUAGE="JAVASCRIPT" CODEPAGE="65001"%> IFKS kampioenen

 

IFKS kampioenskippen 2011 mei skûtsje De Lege Wâlden


.
Foar de 26e kear sylt De Lege Wâlden mei yn it IFKS kampioenskip, yn it foarseizoen hawwe we mei skipper Willem Prins al wat moaie prizen helle, dus we binne optimistysk.
De earste wedstriid is foar Hylpen op it Iselmar, foarôf is der noch in earbetoan oan (Terhernster) bemanningslid Ebbel Snip dy’t fan’t maaitiid ferstoan is, fan skûtsje De Jonge Rein, we litte de gaffel foar it startskip sakje, dêr is Ebbel syn frou Fokje oan board.
We komme reedlik út de start, en witte yn de earste rakken in pear skippen yn te heljen, foar ús wurde Grytsje Obes, mei Romke de Jong, Zeldenrust, mei Kees van der Kooij en de Frisia mei Robert de Jong 1,2 en 3, wij dus 4. Net sa raar bij dit koeltsje wynkrêft 3.
De twadde wedstriid is sneons foar Starum, wynkrêft 3 oant 4. We starte bij it startskip, de Galemadammen mei Michael Boxum besiket noch boppe ús te kommen, rekket ús ek noch, we drige mei protest, hij drost ôf, yn it krúsrak nei de hege tonne komme we Bouke van der Vaart tsjin, dy’t oer stjoerboard leit, we draaie fuort om in oanfarring te foarkommen, toch komme we as earste om dy tonne hinne, in skoft lang witte we ús foarsprong te fergrutsjen, mar dan wit Kees van der Kooij him los te meitsjen en sylt hurder en heger as ús, yn it lêste krúsrak wit er ús te ferslaan, 2e dus, Romke de Jong wurdt tredde.
De tredde wedstriid is bij Heech, op’nij liket it moai sylwaar, alle dagen twifelje we oer de lichtwaarfok en de middelfok, we lizze de earste dan klear op ‘e lûken en besjogge bij ‘t ynsilen welke as we der op sette, mar dizze kear wurdt de fok te let fêstsetten, ûnder it hijsen fan it grutseil bliuwt er heakjen en giet oer board! Gelokkich wurdt dit sjoen troch bemanningsleden fan Eastermar dy´t him noch krekt op tiid út de faargeul fiskje. De wedstriid begong mei in start frij oer de boppe ein fan de startline, gean in ein bakboard út, in stjoerboardslach oer de midden fan de mar, dan wer bakboard nei de hege tonne, dêr komme Peter de Koe en Romke de Jong oan, dy kinne net foar ús draaie en moatte efter in hiele float del.
Wij binne nei Kees van der Kooij 2e om de tonne, nei ús komme Cees Riezebos en Erik Jonker opsetten, dy hawwe it foarearst noch drok mei elkoar, Erik sylt dan Cees foarbij en de folgjende slaggen moatte wij mei him yn ‘e striid, bij de lêste ûnderste tonne rondingen wit er mei in tûk slachje boppe ús te kommen , we eindigje dus as tredde.
De fjirde wedstriid, Sleat, it is in bytsje kalmer hjoed, mar noch moai sylwaar, we hiene wat tsjinslach bij ’t oerfarren fan ‘e moarn, de brêge fan Wâldsein soe om 7 oere draaie, pas even foar achten komt de brêgewachter der oan, dus sa gau mooglik de folchskippen; Bordine en De Feroaring foar de wâl en ynsile. We wolle bij ’t startskip starte, binne moai op tiid, mar Peter de Koe kin ús op de yndringboei drukke, dy heakket efter de loevebiter, Peter jout ús protest, wij meitsje in strafrûntsje, de flagge ferdwynt wer, we ha dus in mislearre start, komme as 13e om de hege tonne, der is hjir in gatebaan dus kinne we noch wat op aventoer, we helje al rille gau ien yn, en yn’t lêst fan de wedstriid krije we mei in moaie finish noch trije yn ien kear te pakken, we eindigje as 9e , fuort efter Peter de Koe.
Dat is noch net iens sa raar op dizze droege mar.
De fiifde wedstriid, op ‘e Tsjûkemar bij Ychtenerbrêge, wer wynkrêft 3, foar de start komt de wedstriidlieder; Gerlof van Wieren, del mei in rubberboatsje, hij freget as we ús út de wedstriid fan Sleat werom lûke wolle, der driigt oars in protest fan in dielnimmer, tsjin de útslach, omdat we net reglementair starten wêze soene, we fine it ynsilen net it momint om dêr oer te fergaderjen en konsentreare ús op ‘e start. We starte midden op ‘e line mei gong en sjitte der aardich út. Wer is Kees van der Kooij earst bij de hege tonne, Willem Timmer is twadde en wij tredde, Willem Timmer kin foar de wyn sa hurd wol, mar yn de krúsrakken ferslaan we him. We kinne no betiden sa heech wol as Kees van der Kooij mar it ein is te koart om him te ferslaan, 2e dus! Nei de wedstriid farre we nei it startskip om mei van Wieren te oerlizzen, we beslúte úteinlik dat we op dat fersyk yngean sille, oars soene de kommende dagen yn it teken komme te stean fan dat protest foar ús en de kommisje , we fertrouwe der op dat we der noch aardich bij sitte sille sadat we de 17 punten fan Sleat ôflûke kinne.
De seisde wedstriid, Lemmer it waait hjoed wat mear, wynkrêft 4-5, dêr meie we wol oer op it Iselmar, mei ús grutte skip, we besykje boppeyn te starten, sjitte ûnder in pear skippen troch en fleane mei gong oer de streek, efkes de spanning of it net te fluch wie, mar dan blykt it presiis goed te wêzen, mei twa slaggen binne we bij de hege tonne, en gean dêr as earste omhinne, efter ús striid om it twadde plak tusken Erik Jonker en Kees van der Kooi, de baan is wer in gate, we kieze foar de gyptonne en in slach nei ’t strân, it is foar de grutskoatmannen in hiele striid om it seil wer oan te krijen, mar dat slagget knap, we witte ús foarsprong in bytsje te fergrutsjen , de efterfolgers nimme meast de oare boei en ha it drok mei elkoar, we sile de heale C-klasse foarbij en wurde mei in protte bealgjen mei fol túch earste!
De slot wedstriid, wer Lemmer, Kees van der Kooij is al wis fan syn earste plak, wij stean op ’t twadde yn ’t klassemint, Grytsje Obes tredde, As we dy der efter hâlde en in bytsje foaryn sile, bliuwe we twadde, we wolle gjin risiko’s nimme, der wurdt starten mei wynkrêft 2-3, De earste start; algemiene weromrop, op’nij dus, de swarte flage giet der yn, dy’t no te gau is leit der út! Op’nij starte, start wurdt ôfbrutsen, spitich, we sieten der hiel moai bij, wer starte, wer ôfbrutsen, wer spitich, ûndertusken hellet de wyn oan, ta 3-4, as de bliksem de fok wikselje en wer nei de start, we bin der op tiid mar kin net in super plakje fine, moatte fersichtich wêze, we komme bij de hege tonne as achtste of sa, mar gelokkich sit Romke efter ús, we sile Peter de Koe foarbij, mar hij ús ek wer, we pakke noch twa skippen, wurde úteinlik 6e, Jonge Rein wint dizze striid foar Robert de Jong, mar we bin wis fan ús twadde plak yn ‘t ein klassemint, Zeldenrust dus earste en Grytsje Obes  tredde, Jonge Rein wurdt fjirde en giet nei alle gedachten ek mei nei de A-klasse omdat kampioen Sieb Meijer der mei ophâldt , De Jonge Jasper, 26 jier lyn tagelyk mei de Lege Wâlden begong, sil mei dochter Froukje fierder en moat dus yn de C begjinne.
It wie in fantastysk kampioenskip mei in moaie striid, we sille besykje der yn de A-klasse wat fan te meitsjen, der sil wol wat oan ’t skip gebeure moatte om ús te hanthavenjen, ús seilen binne al 8-9 jier âld, en de mêst wurdt ek minder dus we moatte fan ’t winter ek alle seilen bij sette om takomme jier partij te wêzen, dêrbij is jimme help tige wolkom fansels, mear witte? Sjoch op ús webside www.legewâlden.nl
Oant sjen op De Lege Wâlden, it skûtsje mei de túshaven Terherne en de skipper en rûchwei de heale bemanning út Warns,

Theunis van der Meer (bemanningslid)